Go to top
Voor boeken altijd eerst naar De Slegte

Alle vestigingen

Alle vestigingen
De Jacht - Durk van der Ploeg

Specificaties

  • Auteur:
  • Serie:
  • Uitgever:
    TDE
  • ISBN:
    9789089541888
  • Bindwijze:
    Paperback
  • Afmetingen:
    14,0 x 21,0 x 2,3 cm
  • Gewicht:
    377 gram
  • Aantal Pagina's:
    263
  • Taal:
    Friestalig
  • Publicatiedatum:
    mei 2010

De Jacht

Durk van der Ploeg

Beoordeel dit boek als eerste!
Paperback   Nieuw vanaf € 17,95.

Eén van de boeken uit de serie Nije bibliotheek.

Omschrijving

Dizze roman spilet foar it grutste part yn Ealsum, in doarp efter Dokkum. Former Bloemkamp komt werom nei syn bertedoarp as breafisker, jager en mollefanger. By de Ealsumers leit er der al gau út, om't er eigensinnige wegen giet. Syn tsjinspiler is Lútsen Idsardi, in idealist, mar tagelyk in labyl figuer, dy't maatskiplik rûnom mislearret. In slepend konflikt tusken Former en Lútsen einiget op befrijingsdei 1945 yn in drama.
De roman De Jacht ferskynde foar it earst yn 1988 en wie doe al de sande roman fan Van der Ploeg. Mei it boek berikte er in breed lêzerspublyk. It is de earste fan de fjouwer romans dy't yn de oarloch yn de Dongeradielen spylje. De oare trije ferskynden as De oarloch fan Durk van der Ploeg yn 2011 yn ien bân by de Friese Pers Boekerij. Dizze tredde printing fan De Jacht is in werútjefte fan de earste.


Yn it beskriuwen fan it lânskip en it skreppen, wrotten en bealgjen fan de lytse man is Van der Ploeg in master, ek wat syn taalgebrûk oanbelanget.
Dick Eisma yn de Leeuwarder Courant

Yn dizze roman is in sterke ûnderstream fan universele dramatyk oanwêzich. De Jacht soe as útgongspunt tsjinje kinne foar in Fryske spylfilm.
Eppie Dam yn Frysk en Frij

It ferhaal fan Former, Hinke en Lútsen draacht it hiele boek op natuerlike wize en hâldt de gong deryn oant op de lêste side.
Sybren Sybrandy yn Trotwaer


Durk van der Ploeg waard yn 1930 berne yn Hoogkarspel (NH). As jonkje fan trije jier kaam er mei syn âlden nei Ealsum. Hy folge in oplieding ta typograaf en waard letter opmaakredakteur by de Leeuwarder Courant. Durk van der Ploeg is ien fan de produktyfste Fryske skriuwers, meast proaza, mar ek poëzij. Yn 2011 krige er de Gysbert Japicxpriis foar al syn literêr proaza.

Volledige beschrijving

Verkrijgbaar als Tweedehands

Vestiging
Conditie
Voorraad
Prijs
Niet tweedehands beschikbaar.

Verkrijgbaar als NieuwWeb only

Vestiging
Beschikbaarheid
Prijs
Centraal Magazijn
Levertijd: 1-2 werkdagen
€ 17,95
Levertijd: 1-2 werkdagen

Beoordeling

Beoordeel dit boek als eerste!

Recensies

Schrijf een recensie:

Velden met een * zijn verplicht